Afûk-tiidskrift hâldt op

It simmernûmer fan De Pompeblêden fan ferline jier
It tiidskrift foar Fryske stúdzje De Pompeblêden fan it Fryske taalynstitút Afûk hâldt nei 79 jier op te bestean. It lêste nûmer ferskynt ein juny. Allinnich stipers fan de Afûk krigen it blêd, dat ornaris fjouwer kear yn it jier ferskynde.
Wêrom't de Afûk krekt ophâldt mei it tiidskrift is net bekendmakke.