Mummys al 400 jier yn Wiuwert

08 maaie 2009 - 17:04

Yn'e Nicolaastsjerke yn Wiuwert is freedtemiddei it 400-jierrige bestean fan 'e mummykelder fierd. Al sûnt 1609 lizze der fjouwer mummys. It wie nochris ekstra feest om't de tsjerke sels ek foar 500.000 euro opknapt is.

Hoe't it mooglik is dat de mummys sa lang goed bliuwe yn 'e kelder is in riedsel. De lichems binne net balseme en ha gjin inkelde behanneling hân. Mar sa stadichoan wurdt de kwaliteit fan 'e mummys wol minder, sa sizze meiwurkers fan 'e tsjerke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)