2009 better jier foar de bijen

08 maaie 2009 - 16:28

It giet dit jier better mei de bijen as yn 2008. Doe ferdwûn in tredde fan de bijefolken yn Fryslân troch in geheimsinnige sykte. It Nederlânsk Sintrum foar Bije-ûndersyk, tinkt dat de grutte stjerte kaam troch in parasyt, dy't se op Skylge fûn ha.

It Sintrum hat noch gjin sifers fan de ferskillende ymkerferienings binnen, mar it earste byld is, dat it oantal bijefolken dit jier wer hersteld is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)