Man komt om op 'e Wâldwei

De frachtauto lei op 'e kant, de Wâldwei waard ôfsletten foar it ferkear
By in frontale oanriding op de Wâldwei by Ljouwert is freed in man út it Dútske Neuenhaus (59) om it libben kommen. By it ûngelok wie ek in frachtwein belutsen dy't bestjoerd waard troch in ynwenner (19) út Hilaard.
De sjauffeur fan de frachtwein is swierferwûne mei in traumahelikopter nei it sikehûs oerbrocht. De frachtwein lei op de kant. De dyk waard fanwege it ûngelok in skoft ôfsletten.