Hûnestrontproblemen yn Warkum

08 maaie 2009 - 13:49

Hûnen op it histoaryske Tillefonnepaad yn Warkum soargje foar in soad argewaasje by de boeren. Foaral omdat kij troch hûnestront besmet wurde kinne mei de skealike Neosporaparasyt. Dy soarget foar in gruttere kâns op abortus bang by kij, en dat is in bysûnder skealike kowesykte.

De boeren wolle no dat hûnen ferbean wurde op it Tillefonnepaad, mar de gemeente Nijefurd is noch net safier. Der komme earst ôffalbakken foar stront en warskôgingsbuorden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)