3 Dealers oppakt op 'e Weaze

08 maaie 2009 - 10:05

De plysje hat tongersdeitemiddei yn Ljouwert op de Weaze en yn de omkriten dêrfan trije manlju oanhâlden op fertinking fan drugshannel. De fertochten wiene yn it besit fan in soad harddrugs. It gie om kokaïne en xtc-pillen.

Ien fan harren hie ek in mes by him. De plysje hie noch twa fertochten op it each. Ien dêrfan waard letter oanhâlden yn it sintrum fan Ljouwert; de lêste fertochte waard net mear sjoen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)