Burgumer komt om yn Dútslân

08 maaie 2009 - 09:54

In Burgumer (70) is woansdeitemiddei om it libben kaam by in ûngelok yn Súd-Dútslân. De Burgumer wie tegearre mei syn frou (68) ûnderweis yn in auto mei karavan. Se stiene oan de kant fan 'e dyk by it plak Triefenstein yn Beieren.

By it opriden waard de auto fan de Burgumers oanriden troch in frachtwein. De man is op it plak fan it ûngelok ferstoarn. Syn frou is mei swiere ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)