'Frjentsjer' bliuwt by Omrin

08 maaie 2009 - 09:51

De gemeente Frjentsjerteradiel wol by ôffalferwurker Omrin bliuwe. Dat hat de ried tongersdei besluten. Yn febrewaris woe de ried ûndersyk dwaan nei de gefolgen as de gemeente it kontrakt mei Omrin ferbrekke soe.

Reden wie it ferset fan 'e gemeente tsjin de bou fan de ôffaloven fan Omrin by Harns. Mar it ûndersyk kostet 40.000 euro en dat fynt de ried te djoer. Allinnich PvdA en ChristenUnie binne foar sa'n ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)