Amtners op Burgernet

07 maaie 2009 - 20:26

Alle bûtentsjinstmeiwurkers fan de gemeente Ljouwert binne oansletten by Burgernet. De mear as hûndert amtners wurkje oerdei bûten en dêrtroch kinne se in wichtige rol spylje by aksjes fan Burgernet.

Burgernet is in gearwurking tusken boargers, gemeente en plysje. Mei sms- berjochten freget de plysje de dielnimmers fan Burgernet om út te sjen nei persoanen dy't mooglik by in misdriuw of ûngelok belutsen binne. Dat is al goed 30 kear dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)