H'feankaarten beker útferkocht
De kaarten foar de Hearrenfeanfans foar de bekerfinale binne útferkocht. De lêste fan de 18.000 kaarten gongen tongersdeitemoarn de doar út. Ferline wike krige Hearrenfean noch sa'n tûzen kaarten ekstra.
Tsjinstânner FC Twente wie ferline wike al syn kaarten al kwyt. De bekerfinale wurdt snein 17 maaie spile yn de Rotterdamse Kuip.