Minder hekkel-kontrôles

07 maaie 2009 - 10:52

It Wetterskip komt net mear alle jierren lâns om te sjen oft der hekkele wurde moat. Yn benammen Súdwest-Fryslân moatte de ynwenners tenei sels witte oft se it dwaan wolle.

It giet mei-inoar om 14.000 Friezen foar wa't it ûnderhâld feroaret. It hat te krijen mei in maatregel fan it Wetterskip Fryslân. Dy wol de regels oeral yn de provinsje gelyk ha. Benammen foar boeren hat soks gefolgen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)