Boek presintearre yn Damshûs

© Omrop Fryslân
Yn Museum It Damshûs yn Nij Beets is woansdei it boek Rode Boegbeelden in Schoterland presintearre. Feanwurkers en har famyljes hienen hûndert jier lyn amper of gjin rjochten.
Arbeiders wennen yn krotten fan hout, plaggen, reid en klaai. Se fertsjinnen mar in bytsje en dat jild waard dan ek noch ynpikt troch de feanbazen. Gelokkich wienen der foaroansteande minsken dy't it foar de feanwurkers opnamen. Under har master Tjepke Nawijn. Syn famylje wie yn it Damshûs.