Wykferpleging komt werom

06 maaie 2009 - 23:08

De wykferpleechster komt werom. Op 15 maaie begjint yn Ljouwert it earste buertsoarchteam fan Fryslân. Dat bestiet út acht ferpleechkundigen en sikefersoargers dy't oansluten binne by de lanlike organisaasje Buurtzorg. Dizze ynstelling is in reaksje op de grutte soarchorganisaasjes.

Meiwurkers, mar ek pasjinten, fine dat der te min tiid is foar de krekte soarch. Buurtzorg bestiet noch mar oardel jier, mar hat no al hûnderten teams yn it lân oan it wurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)