Dielnimmers Batavus Pro Race

© Omrop Fryslân
Lieuwe Westra en Lars Boom binne twa fan de hurdfytsers dy't op woansdei 13 maaie meidogge oan de tredde Batavus Pro Race. De tour is de grutste hurdfytswedstryd foar profesjonele renners yn Fryslân mei start en finish yn Ljouwert.
Under oaren de teams fan Vacansoleil en Skil Shimano en de Protour ploegen fan de Rabobank, Silence-Lotto en Team Saxo Bank dogge mei. Quick Step, dat foarich jier winner Gert Steegmans levere, docht dit jier net mei.