Reorganisaasje muzykskoalle

© Omrop Fryslân
Muzykskoalle De Wâldsang yn Bûtenpost moat reorganisearje. Dat hat it bestjoer besletten nei oanlieding fan in ûndersyk nei de takomst fan De Wâldsang. De muzykskoalle driget yn de finansjele problemen te kommen omdat de eksploitaasjekosten oprinne en it tal learlingen sakket.
De earste stap yn de reorganisaasje is de oanstelling fan in oare direkteur. In ynterimdirekteur komt fan maaie ôf mei in tal maatregels.