Ingelske tún Harns opknapt

06 maaie 2009 - 16:56

De Ingelske tún yn Harns is flink opknapt. Wie it in healjier lyn noch in wylde boel, oer trije wike moat er der wer útsjen neffens in úntwerp út 1843 fan de ferneamde túnarchitekt Roodbaard. De tún waard eartiids oanlein foar 1200 gûne. No wurdt er opknapt foar 3 ton yn euro's.

De lêste jieren hie de tún in grutte ûnderhâldsefterstân oprûn. De firma BTL út De Jouwer krige de opdracht om de tún wer yn âlde gloarje werom te bringen yn de geast fan Roodbaard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)