'Kâns op nije sykten nimt ta'

© Omrop Fryslân
De kâns op nije slimme sykten lykas de Meksikaanske gryp sil yn de kommende jierren allinnich mar tanimme, neffens Peter van der Tas fan de GGD Fryslân. Dy sykten ûntsteane trochdat op aloan gruttere skaal bisten hâlden wurde. Trochdat dy bisten tichter opelkoar stean nimt de kâns ta dat der in sykte komt dy't oerdroegen wurdt op minsken.
Ien fan dy sykten is de Q-koarts. Sûnt oardel jier wurde dêr hieltyd mear minsken siik fan. Dat spilet benammen yn Brabân.