Oanholden mei tefolle drank op

06 maaie 2009 - 10:57

In 21-jierrige ynwenner fan Heech hat tiisdeitejûn syn rydbewiis ynleverje moatten by de plysje. Dy betrape de jonge op it riden mei tefolle drank op. De plysje wie de man op it spoar kommen nei in tip dat syn auto skansearre rekke wie yn Snits.

Omdat de jonge al faker oanhâlden wie foar it riden mei tefolle drank op, besleat de plysje nei him op syk te gean. Hy koe úteinlik oanhâlden wurde yn de buert fan syn hûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)