Offalwetter bûtengebiet suvere

06 maaie 2009 - 10:20

De gemeente Achtkarspelen begjint meikoarten mei de oanlis fan 300 lytse suveringsynstallaasjes yn it bûtengebiet. Doel is dat dy der noch dit jier komme.

Troch de oanlis fan de ynstallaasjes lit aanst 60 prosint fan de ynwenners fan it bûtengebiet it ôffalwetter suvere op it rioel rinne. Wethâlder Van der Veen fan Achtkarspelen jout nije wike it offisjele startsein fan de oanlis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)