Soad drank befrijingsfeest

05 maaie 2009 - 21:55

De plysje hat tiisdei op it befrijingsfeest yn Ljouwert seker 23 boetes útdield. Dêrfan wiene der 22 foar in drinken fan alkohol op strjitte bûten it festivalterrein, al dan net mei sels meibrochte drank. Ien persoan waard foar mislediging op 'e bon slingere.

De plysje sprekt fan in rêstige fiering fan it befrijingsfeest, al waard der wol in soad dronken. It festivalterrein rûn de jûns gau leech. Dêrnei wie it drok yn 'e kroegen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)