Fergese feesten ûnbetelber

05 maaie 2009 - 21:28

De rige Alvestêdejubileumfeesten driget nei it feest yn Starum foarearst ûnbetelber te wurden. In al langer rinnend tekoart fan seker 50.000 euro driget der foar te soargjen dat de fergese feesten aanst ophâlde moatte.

Dat seit Marc de Bruin, dy't mei sjonger Syb van der Ploeg de organisaasje docht. Neffens De Bruin binne der sponsors ôfheakke troch de ekonomyske krisis. De provinsje is frege om ekstra jild.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)