Mearjierrebegrutting L'diel

© Omrop Fryslân
De gemeente Littenseradiel ynvestearret de kommende jierren 772.000 euro yn ûnderwiishúsfesting. It giet om útwreiding en ûnderhâld.
In oare grutte ynvestearring is de oanlis fan in fytspaad tusken Boazum en it Mantgumerhúske, dêr't 230.000 euro foar reservearre wurdt. Dat docht bliken út de mearjierrebegrutting fan de gemeente. Foar de doarpen Baaium, Jellum en Easterlittens stean werynrjochtings en it oplossen fan ferkearsknipepunten op it programma.