Skilderijen J. Huisman socht

Skilder Jopie Huisman
De lokale omrop fan Nijefurd is op syk nei trije skilderijen fan Jopie Huisman. 'Het merelnest', 'Handschoenen' en 'De drie lotgenoten' waarden 25 jier lyn stellen út in galery yn Nuenen.
Der leit 10.000 euro klear foar de persoan dy't de tip jout dy't liedt nei de skilderijen. De lokale omrop hat de ferneamde keunstdetektive Ben Zuidema yn de earm naam om ûndersyk te dwaan. Sneon stjoerd RTN in trailer út mei dêryn it begjin fan de syktocht.