Identiteit fleaners bekend

De identiteit fan de seis Ingelske bemanningsleden fan it fleantúch dat yn de Twadde Wrâldoarloch delstoarte by Wiuwert, is sa goed as achterhelle. De lichems fan de fleaners binne eartiids begroeven yn in anonym grêf op it Noarderbegraafplak yn Ljouwert.
Amateur-skiedkundigen ha jierren dwaande west om út te finen om wa't it giet. Se hoopje it offisjele bewiis noch te finen as it fleantúch opgroeven wurdt. It is de fraach oft dat bart, want dat kostet tonnen.