Boargemasters op ielaak

05 maaie 2009 - 14:55

De krektlyn doopte ielaak út Heech makket sneon syn earste tocht mei fiif boargemasters oan board. It giet om de boargemasters fan de fiif gemeenten yn de Súdwesthoeke dy't mei-inoar fusearje wolle.

De ielaak is in neiboude ferzje fan de Korneliske Ykes, dy't flak nei de oarloch sloopt waard. It skip is foar 1,5 miljoen euro neiboud, oan de hân fan âlde foto's. Dat wurk hat 3,5 jier duorre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)