Motorrider rydbewiis kwyt

05 maaie 2009 - 11:02

In 24-jierrige motorrider fan It Hearrenfean is moandei by Goaiïngaryp syn rydbewiis kwytrekke. Hy ried mei 135 kilometer yn de oere oer de Kleasterwei.

De maksimumsnelheid is dêr tachtich kilometer yn de oere. De man kaam in laserkontrôle foarby en moast dêrnei fan de plysje syn rydbewiis ôfjaan en krige in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)