Wenningbrân yn Ljouwert

05 maaie 2009 - 10:59

By in útslaande wenningbrân oan de Mondriaanstrjitte yn Ljouwert is yn de nacht fan moandei op tiisdei materiële skea ûntstien. Troch noch ûnbekende oarsaak ûntstie brân oan de achterkant fan it hûs.

Op dat stuit wiene der sân minsken yn 'e hûs. Dy krigen it fjoer net út, giene nei bûten en warskôgen de brânwacht. De plysje docht noch ûndersyk nei de oarsaak fan de brân.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)