Minder minsken befrijingsfeest

05 maaie 2009 - 09:54

De organisaasje fan it Befrijingsfestival yn Ljouwert hâldt rekken mei minder besikers as oare jierren. Yn trochsneed komme der sa'n 70.000 besikers, dat soenen der dit kear wolris mar de helte wêze kinne.

Neist it minder moaie waar leit dat neffens de organisaasje oan wat der bard is yn Apeldoorn op Keninginnedei. Dêrtroch soene minder minsken nocht hawwe om feest te fieren. It befrijingsfestival begjint om 13.00 oere.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)