Minder ynstjoerings Relyfûns

© Omrop Fryslân
Der binne dit jier 15 ferhalen en 23 fersen ynstjoerd foar de priisfraach fan it Rely Jorritsma Fûns. It tal leit dêrmei krekt wat ûnder it tal ynstjoerings fan ferline jier. It tal jongeren dat ynstjoerd hat foar de Junior Rely leit mei 130 heger.
By de priisfraach wurde de moaiste nije Frysktalige ferhalen en fersen socht. Fan 't simmer wurdt bekend wa fan de ynstjoerders de prizen wûn ha. De prizen wurde yn oktober útrikt yn de tsjerke fan Bears.