Oprop fermiste ynwenner Nes

04 maaie 2009 - 19:59

De plysje yn Fryslân ropt minsken op dy 't rjochting Italië gean om dêr út te sjen nei de 63-jierrige Wicher Heerma út Nes yn Dongeradiel. Hy wurdt sûnt 26 april fermist. Freonen binne him mei syn camper kwytrekke by Pompeï.

Op de achterkant fan syn wite Fiat Burstner camper is in woestynlânskip ôfbylde. It kenteken fan de camper is 73-BS-NN. Minsken kinne belje mei de plysje op 0900-8844.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)