Nije hierder tsjerke Swichum

04 maaie 2009 - 16:08

De Nicolaes Tsjerke fan Swichum krijt in nije hierder en in nije bestimming. Keunstneres Titia Spaanstra út Wurdum sil der de kommende jierren tal fan aktiviteiten organisearje lykas ekposysjes byldzjende keunst, teater-foarstellings en muzykútfierings.

De tsjerke út 1250 wie al in troulokaasjes fan 'e gemeente Ljouwert en dat bliuwt sa. It gebou is yn 1997 yngripend restaurearre en wurdt beheard troch de Stifting Alde Fryske Tsjerken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)