Buske tsjin fangrail Nijegea

© Omrop Fryslân
Op de sneldyk by Nyegea is moandei in buske tsjin de fangrail riden. Omdat der fanút gien waard dat de ynsittenden beknypt wienen, waarden de helptsjinsten massaal ynset. Letter die bliken dat de gefolgen tafoelen.
De trije ynsittenden, in mem mei twa bern, kamen mei de skrik frij. Se binne noch wol op it plak fan it ûngelok troch ambulânsepersoniel ûndersocht. By it ûngelok wie gjin oare auto belutsen. Wat de oarsaak krekt west hat, wurdt noch ûndersocht.