Ryk: lytse skoalle mei bliuwe

04 maaie 2009 - 12:21

Lytse basisskoallen dy't net selsstannich bestean kinne, kinne foarearst dochs rekkenje op finansjele stipe fan it Ryk. Dat hat steatssiktaris Dijksma besletten.

Ferline jier kundige sy in nije wet oan foar lytse skoallen. Dêrmei krije de skoallen trije jier de tiid om mear learlingen te finen. Mar dy wet is noch net klear. Skoallen dy't earder fusearje moatte omdat sy te min learlingen hawwe, soene dêr de dupe fan wurde kinne. Dat is no dus net sa.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)