Sirenes bliuwe stil op 4 maaie

© Omrop Fryslân
De sirenes yn Fryslân wurde dizze fjirde maaie net test. Dat hat it ministearje fan Ynlânske Saken bekend makke. Gewoanwei wurde de sirenes alle earste moandeis fan de moanne útprobearre.
Omdat de sirenes mooglik negative herinnerings oan de oarloch oproppe, is der foar keazen dat op 4 maaie net te dwaan. Ek op oare offisjele feestdagen wurde de sirenes net test, as sa'n feestdei op de earste moandei fan 'e moanne falt.