Protte belangstelling Cambuur

04 maaie 2009 - 11:07

Der is in protte belangstelling foar de play-off wedstriid fan Cambuur. Moandeitemoarn begûn de frije ferkeap fan kaarten. Om njoggen oere stie der al in lange rige belangstellenden foar de kassa's fan Cambuur.

Cambuur spilet op 22 maaie in thúswedstriid yn de play-offs. Tsjinstanner is nei alle gedachten FC Zwolle. De Ljouwerter fuotbalklup ferwachtet dat de wedstriid oan 'e ein fan dizze wike útferkocht wêze sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)