Liverpool wol Danijel Pranjic

Pranjic: fuotballer fan it jier by Hearrenfean (foto Martin de Jong)
FC Liverpool hat ynteresse foar Hearrenfeanspiler Danijel Pranjic. Dat befêstige Pranjic nei ôfrin fan de wedstriid tsjin ADO Den Haach. Liverpool hat noch gjin oanbieding dien, mar de Ingelske topklup hat wol kontakt opnaam mei de saakwaarnimmer fan Pranjic, Soren Lerby.
Sevilla en Real Betis út Spanje hawwe earder al oanjûn de Kroätysk ynternasjonal te folgjen. Pranjic waard snein útroppen ta 'bêste spiler fan it jier' by Sportklup Hearrenfean.