Stipe foar doarpshûs Jirnsum
Doarpshûs It Kattehûs yn Jirnsum krijt 10.000 euro fan it Oranje Fonds. It jild is bedoeld foar it meitsjen fan de flierren, dy't oantaaste binne troch swammen. It wurk kostet meiïnoar 50.000 euro, mei de bydrage fan it Oranje Fonds is no de helte dêrfan binnen.
Doel is dat frijwilligers de flierren dizze simmer ferfange sille.