Jeugdbrassband wint 1e priis

04 maaie 2009 - 07:11

De Fryske Jeugd Brassband hat in earste priis helle op it Europeesk Muzykfestival foar Jongerein yn it Belgyske Neerpelt. De brassband krige fan de sjuery 96,5 punten, goed foar in earste priis cum laude.

Fanwege it hege tal punten mocht de jeugdbrassband ek meidwaan oan in spesjaal laureatenkonsert. Dêr wiene de bêste groepen fan it festival te hearren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)