Nathalie v.d. Mei 2e yn Mierlo
Nathalie van der Mei fan Makkingea is snein yn Mierlo twadde wurden by it Nederlânsk kampioenskip by de springruters. De 43-jierrige Friezinne gong nei tongersdei ferrassend oan de lieding en wûn snein ek noch de deipriis.
Jeroen Dubbeldam wûn de nasjonale titel. It brûns wie foar de grutte favoryt Albert Zoer mei Sam.