Snits en De Jouwer ferlieze

De Jouwer ferlear op eigen fjild fan Quick '20 (foto Martin de Jong)
It wie in min wykein foar de Fryske sneinshaadklassers. Snits Wyt Swart ferlear yn Groesbeek mei 3-0 fan De Treffers. Nettsjinsteande it ferlies binne de Snitsers frij fan degradaasjesoargen.
De Jouwer ferlear op it eigen fjild mei 2-0 fan Quick '20 út Oldenzaal. De Jouwer hie him al earder feilich spile. Takom wike snein wurdt de kompetysje ôfsletten mei de wedstriden Snits Wyt Swart-WKE en Lienden-Sportklup De Jouwer.