Nije Terre des Hommes-winkel

03 maaie 2009 - 15:09

Yn Drachten wurdt takom tongersdei in Terre des Hommes Outlet-winkel iepene. Dizze winkel is opset troch fiif studinten fan ROC Friese Poort Drachten, ôfdieling detailhannel.

Dizze studinten sille de winkel de kommende tiid sels runne en nei de simmerfakânsje sil it in offisjeel learwinkelbedriuw wurde fan ROC Friese Poort. De winkel draait yn gearwurking mei ûndernimmers. It projekt hat as doel om bern yn treddewrâldlannen in bettere takomst te jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)