'Pealrot-ûndersyk ôfwachtsje'

03 maaie 2009 - 13:47

De resultaten fan in wiidweidich ûndersyk nei de skea troch pealrot moatte earst bekend wêze, earder wurdt der gjin beslút naam oer in skeafergoeding. Dat seit steatelid Corry Hartholt fan it CDA.

Ofrûne sneon die de belangeferiening fundearringproblematyk Fryslân in oprop oan de provinsjale polityk om sa gau as mooglik in beslút te nimmen oer sa'n skeafergoeding oan de goed 400 bewenners fan huzen wêrfan't de houten peallen oantaaste binne troch pealrot.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)