Iepenloftspul Dronryp yn grien

03 maaie 2009 - 12:47

De kaartferkeap fan it iepenloftspul yn Dronryp is út ein set. Yn dit 29e jier bringt it iepenloftspul fan Dronryp it stik 'Us jonges'. De premjêre is op woansdei 17 juny. De foarstellings sette alle jûnen om 21.00 oere út ein yn it plantsoen achter de tsjerke.

De organisaasje ropt alle besikers op om yn it grien te kommen. De reden dêrfoar wurdt by de foarstelling dúdlik. Kaarten binne ûnder oare te krijen fia: www.iepenloftspuldronryp.nl.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)