ONS lyk, winst Hark. Boys

02 maaie 2009 - 16:57

Kampioen Harkemase Boys hat sneon op de Bosk mei 2-0 wûn fan Staphorst. De Harekiten kamen yn de earste helte op 1-0 foarsprong troch in doelpunt fan Jelmer Slager. Yn de twadde helte waard it 2-0 troch in penalty fan Oebele Schokker.

De oare sneonshaadklasser ONS Snits sit yn de degradaasjeproblemen. It moast einliks yn Rijssen winne fan Excelsior '31 om degradaasje no al te ûntrinnen. De Snitsers kamen lykwols net fierder as in 0-0 lykspul.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)