Lamkesdei yn Aldeboarn

Bern koene lamkes de flesse jaan
De Lammesprong yn Aldeboarn hâldt alle jierren op de earste sneon yn maaie in lamkesdei. De eigner, de famylje Bouma, hat tûzen skiep en 800 lamkes. Mei de iepen dei besykje se it publyk wat by te bringen oer de skieppehâlderij.
Omdat der safolle minsken yn de maitiid komme wolle om de lamkes te sjen, hâlde de Bouma's de grutte kreambesite op ien dei. Neist it aaien en de flesse jaan fan lamkes, koene bern hynsteride en boartsje yn it strie.