Konflikt Van der Heide oplost

02 maaie 2009 - 16:02

Sandor van der Heide en Stanley Menzo ha har konflikt oplost. Yn in petear ûnder lieding fan Cambuur-direkteur Alex Pama is de kjeld út de loft. Menzo hie in protte krityk op Van der Heide oer syn ynset by de wedstriid fan foarige wike tsjin Dordrecht.

Sandor siet by de lêste thúswedstriid freed tsjin Eindhoven sels op de tribune. Nei it petear fan sneontemiddei sit Sandor van der Heide wer by de seleksje foar de wedstriid tsjin TOP Oss.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)