Mishanneling yn Snits

© Omrop Fryslân
De plysje fan Snits hat yn de nacht fan freed op sneon trije manlju oanholden, dy't earder in 25-jierrige Snitser mishannele hiene. In taksysjauffeur brocht it slachtoffer nei it plysjeburo.
De Snitser ferklearre dat er yn in hoarekabedriuw spul krigen hie mei ien man. Op strjitte waard er troch de trije manlju opwachte en slein. Hy is nei it sikehûs brocht. Op oanwizing fan de taksysjauffeur koe de plysje de trije manlju oanhâlde.