Start Nordconnect Trialrally

De start fan de rally
Yn Ljouwert is sneontemoarn de Nordconnect Trialrally fan start gien. Dat is in bysûndere rally om't de dielnimmers allegear ûndernimmers út Noard-Nederlân binne.
Yn njoggen dagen sil der goed 3700 kilometer ôflein wurde yn it gebiet om de Baltyske See hinne. De earste etappe sneon is nei it Dútske Wolfsburg. De dielnimmers sammelen har sneontemoarn op it Aldehoustertsjerkhôf. De finish is op snein 10 maaie yn Haren (Grinslân).