Himpplantaazje oprôle

02 maaie 2009 - 09:34
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat freedtejûn in himpplantaazje oprôle yn it sintrum fan Ljouwert. Bewenners fan de Bagijnestrjitte ûntdusten de plantaazje troch in grut wetterlek en warskôgen de plysje.

Op twa etaazjes stiene 250 himpplanten. De planten en de apparatuer binne ôffierd.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)