Alvestêdetocht yn in rolstoel

© Omrop Fryslân
Christiaan Mensinga fan Voorthuizen sil de Alvestêdetocht yn in rolstoel ôflizze. Foardat er dêr oan begjint, moat er earst hast 250 kilometer yn syn rolstoel ride fan Voorthuizen nei Ljouwert ta.
Mensinga wol 23 maaie starte fanút Voorthuizen. De Alvestêdetocht wol er yn twa wiken folbringe. Mensinga rydt de tocht foar it goeie doel. Hy wol sa jild ophelje foar widdo's en wezen yn Kosovo. Mei oare sponsorritten helle Mensinga al 30.000 euro op.